Wim Stroetinga lilk nei tredde plak op NK hurdfytsen

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is sneon tredde wurden op it NK hurdfytsen op de dyk op Goeree-Overflakkee. By in massasprint kaam Dylan Groenewegen as earste oer de streek, Wout Wippert waard twadde.
Nei de finish wie Stroetinga lilk op syn teammaten Remco te Brake en Dion Beukeboom. Stroetinga rekke yn de sprint út it tsjil fan Te Brake, mar dy bleau net op Stroetinga wachtsjen. Dêrtroch moast de Aldeberkeapster de sprint sûnder help fan syn teamgenoat ôfmeitsje.
"Wat een ongelofelijke fout" sei Stroetinga fuort nei de finish tsjin de NOS. "Ik kwam vast te zitten. De enige kans was om 300 meter voor de finish aan te gaan. Dat is veel te vroeg." Stroetinga is poer. "Ik weet dat ik in Nederland de beste ben. Dit was het belangrijkste doel van het jaar. En nu ben ik de tweede verliezer."
Freed waard Anouska Koster fan De Westereen ferrassend kampioen by de froulju.