IIsbear komt oan yn Ljouwerter dieretún AquaZoo

25 jun 2016 - 12:57
  • IIsbear Felix
  • It iisbeareferbliuw yn Aqua Zoo

IIsbear Nanu hat syn entree makke yn dierepark AquaZoo. It bist is ferfierd fan Denemarken nei Ljouwert en is mei syn 300 kilo no it grutste rôfdier fan AquaZoo. En it bliuwt net by ien iisbear, want it bistepark krijt der takom woansdei noch in mantsjesiisbear by, Felix. Dêrneist wol it park yn it iisbeareferbliuw ek lytse iisbearen, sadwaande wurdt der drok socht nei frouljesiisbearen. Dat seit Jeroen Loomeijer fan it bistepark.

De ôfrûne tiid is der al hurd wurke oan it ûnderkommen foar de iisbearen, mar it bûtenferbliuw moat noch wol ôfmakke wurde. Dizze moat takom wike iepen kinne foar de iisbearen. Neffens Loomeijer moat der wol mear fleis ynkocht wurde, want de iisbearen binne grutte iters.

Snein op Omrop Fryslân Telefyzje mear oer de iisbearen yn it programma Us Dieretún fan programmamakker Herman Zeilstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)