Muzykfestival 'At the watergate' hat grutte ambysjes

25 jun 2016 - 12:35
  • Freedtemiddei waard de namme 'At the Watergate' bekendmakke

It festival 'At the watergate' foar jong muzyktalint yn Snits hat grutte ambysjes. It wol yn 2018 leafst 60.000 besikers lûke. Dat seit artistyk direkteur Ben van der Knaap fan it Teater Snits. Mei 7.000 jonge sjongers en muzikanten, en minsken út 23 Europeeske lannen kin Snits rekkenje op topdrokte.

Yn totaal sille der 650 foarstellingen jûn wurde, sawol binnendoar as yn de bûtenloft op tal fan plakken yn de stêd. Der moat noch in soad barre seit Van der Knaap. Sa moatte alle dielnimmers in tydlik wenplak en iten krije.

Om de dielnimmers op ferskate plakken yn de stêd te krijen binne mear as 200 bussen nedich. Ek wol Van der Knaap de eveneminten graach byinoar hâlde, sa't de minsken net kilometers fleane moatte om mekoar te bewûnderjen. De ûnderlinge bining is dan ek in spearpunt foar it festival. Van der Knaap sjocht it as in útdaging om dat foar inoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)