Tarieding ferpleatsing spoarfiadukt Harns úteinset

25 jun 2016 - 12:01

In mega-operaasje dit wykein yn Harns. Troch de oanlis en ferdjipping fan de nije fjouwerbaansdyk moat it spoarfiadukt yn Harns in oar plak krije en 14 oant 15 meter opskood wurde. Net sa'n hiel grutte ôfstân, mar it fiadukt weaget 3000 ton. De tariedingen dêrfoar binne om middernacht úteinset.

Neffens projektlieder Age Beuving wurkje der sa'n tachtig oant hûndert man yn ploegen oan de pleatsing fan it fiadukt. De ferwachting is dat it snein te plak skood wurde kin. 

Der is ek in spesjale spottersplek makke en der binne minsken oanwêzich om útlis te jaan oan belangstellenden.

Der ride oant en mei moandei gjin treinen tusken Ljouwert en Harns. En ek tusken Ljouwert en Starum ride gjin treinen yn ferbân mei wurk oan it spoar. Woansdei moat dêr it treinferkear wer op gong komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)