Hurdfytser Mollema is kopman foar syn team yn Tour

Hurdfytser Bauke Mollema is op 'e nij kopman foar team Trek-Segafredo yn de Tour de France. Hy giet foar in hege klassearring yn it algemien klassemint. Foarich jier waard er sânde yn de Tour. Mollema hie in muoisume tarieding, hy koe it Critérium du Dauphiné net útride fanwegen in kielûntstekking.
De Ronde fan Frankryk giet kommende sneon fan start op Mont Saint-Michel, in rotseilân krekt bûten de Normandyske kust, dat mei in rinbrêge mei de fêste wâl ferbûn is.