IIshockeyers Van Aalderen en Hoekstra bliuwe by UNIS Flyers

25 jun 2016 - 10:30

IIshockeyer Aldo van Aalderen (24) spilet ek it kommend seizoen foar de UNIS Flyers. It wurdt syn sechsde seizoen. It ôfrûne seizoen skoarde er 5 goals yn 42 wedstriden.

Coach Mike Nason sjocht Van Aalderen graach yn deselde rol as ferline jier. "Afgelopen jaren heeft hij zich ontwikkeld en vorig jaar kreeg hij meer verantwoordelijkheid. Het is een sterke speler die hard werkt. Zijn fysieke manier van ijshockey spelen gaat ons helpen."

"Ik heb afgelopen seizoen laten zien wat ik kan." seit Van Aalderen sels. "Mijn rol om de tegenstander te storen en zo ruimte te scheppen voor mijn ploeggenoten ligt mij. In de zomer focus ik me op krachttraining zodat ik nog sterker op het ijs kan zijn."

De Fryske oanfaller is opgroeid by de klup. Hy is bliid mei de ferlinging fan syn kontrakt. "Ik ben begonnen bij de club en wil zo lang mogelijk op het hoogste niveau blijven. Prolongatie van de gewonnen prijzen zou geweldig zijn, maar we beginnen met de Ron Bertelingschaal. Die wil ik ook winnen."

Hoekstra tekenet ek by

Ek international Mark Hoekstra bliuwt by de Flyers. De 21-jierrige ferdigener is bliid mei syn kontraktferlinging. "We hebben een mooi jaar gehad en ik heb plezier in hockey. We hebben een hele leuke groep. Afgelopen seizoen kreeg ik veel ijstijd en vertrouwen, dus ik wilde graag blijven”, sa seit Hoekstra. Yn 42 wedstriden skoarde Hoekstra 4 kear en die 25 assists. Troch syn sterke seizoen krige er in plak yn it Nederlânske team.

Earder waarden ek al Pippo Limnell, Ronald Wurm en Valentijn Bouten fêstlein foar it nije seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)