Kollum: "Lân fan ûnbegryp"

25 jun 2016 - 08:57

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Frysk. Wolle jim it dêr noch oer ha? Ommers, de Ljouwerter Krante liet ynienen allegear Fryske lju fertelle hoe moai as Frysk is. Inkeld om't de Fryske Akademy nei stúdzje bewiisd hie dat it Frysk sa linkendewei ferdwine sil. Dat wisten we al. Mar it giet hurd. Fyftjin persint fan de minsken brûkt it Frysk noch, neffens de Akademy. Dy’t dêrmei har eigen bestean op it spul set. Wêrom soenen je noch in taal bestudearje of der yn skriuwe, as dy taal net mear bestiet. Wittenskippers bin net handich. Se ferjitte ek dat trije yngreven staveringsferoaringen it skreaune Frysk op ’e doele brocht ha. Jo wolle as Fries wol Frysk skriuwe, mar as je dat net goed dogge en de djipfriezen wize jo skriuwen hieltyd wer lytsachtsjend ôf, ja dan skamje wy ús. En no ja, dat Hollânsk ha se ús dochs ek leard, dan dogge we dat wol.

Ik hear it jim sizzen: ûnsin. Jawis. Mar dat ha we yn de ôfrûne wiken allegear mei syn allen útkoarre. Ik siet ferline wike by Nynke Laverman, Hollânske tuskenteksten, Fryske songs. Nei in oere seine lju om ús hinne, ik kon het niet verstaan. As Nynke yn it Ingelsk song hie, hienen se it bêst fûn. Rob Maas fan Cambuur hie ek al sa’n sintsje, blij dat ik geen Fries volkslied hoef te leren. Oan de oare kant wie dat wer moai foar de Cambuursupporters, dy krigen der suver in orgasme fan. De echte oare kant wiene de skriuwers dy’t ynienen wer sutelje mei boeken, dy’t al dy Fryske literêre prizen net iens fertsjinje.

Myn wiisheden oer it Frysk? Brûke as je dat wolle en kinne. Net dramme. Elkenien kiest sels. Twatalich. Je meie bêst elkenien entûsjasmearje om Frysk te skriuwen. Mar de FNP mei ek bêst oarstaligen ha, ek al klinkt it ús as Friezen hol yn de earen as dy Hollanners it oer Jehannes Kramer syn nasjonale gefoel ha.
Mar wêr’t ik net oer kin is dat gedoch oer Lân fan Taal yn Ljouwert. Der moat op it Aldehoustertsjerkhôf in tribune komme yn 2018 en dy soe dan bewize moatte dat wy in Lân fan Taal binne. Hooplik wurdt Cambuur net kampioen foar 2018, want dan wurdt der sa wer ôfbrutsen.

Efkes tuskentroch, je sjogge linkendewei wat Ljouwert docht. Yn 2018 moat Ljouwert hiel oars wêze. Folmakke. Ek al kostet dat hannen fol jild. Dan wurdt der sels 8 miljoen by Heymans klapt. Dy moat him de bek hâlde en fierder dolle by de Drachtsterbrêge. Sietske Poepjes kin wol sizze dat it binnen de begrutting falt, mar we bin it jild likegoed kwyt. Hienen we dat net foar it Frysk brûke kinnen?

Sa’n tribune op it Aldehoustertsjerkhôf. Dy wurdt tusken no en 2018 hielendal boud. Mei noch mear oar guod. Mar wêr moatte we yntusken hinne mei strjit- en oare festivals. Of sjouwe we dan tusken de heale tribunes troch. En tusken wat der noch boud wurde moat yn de Prinsetún. En op oare plakken. In knoarre jild en in knoarre tiid. Tusken no en 2018 kin we better nei in oare stêd. O nee, dat kin ek net, want dêr wurde alderhande fonteinen delsetten. Dan mar nei Drachten, bart dêr ek ris wat.

Boppedat; wy bin net in Lân fan Taal. Wy bin twatalich. Dan mar twa tribunes en noch wat lytsere opstapkes foar it Biltsk, it Stellingwerfsk en it Stedfrysk. Mar nee, seis arsjitekten ha ien tribune tekene. Gâns nijmoadrige dingen dêrby. Dêr sil ik it fierder net oer ha, dy ha’k net begrepen blykber. Dy fan Winy Maas is it tapaslikst, want dy is read en it ding komt deun by de Bûterhoeke dêr’t eartiids safolle hoeren omrûnen dat de Akademy der net iens oer hinne sjen koe. Mar it kin net, je meie gjin prostitúsje plege mei it Frysk. Nynke Rixt Jukkema hat te leaf tekene, sa leaf wie de Fryske taalstriid net om wrâldoarloch twa hinne. Dy fan Borren Staalenhoef is it moaiste, mar dy moat it mar net wurde. Want dy fan Rein Hofstra is it simpelst en dat past krekt by it Lân fan Taal. Net âldehoere. Wa’t it pakt, dy pakt it. It Fryske boadskip fan 2018."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)