Brêge Noarderhaven yn Harns skansearre troch auto

24 jun 2016 - 23:04
  • Auto ramt brêge op Harnzer Noarderhaven

Yn de Noarderhaven yn Harns is freedtejûn in auto tsjin de leuning fan de ophelbrêge botst. Mooglik moast de auto útwike foar in oare auto. Dêrby hat sawol de auto as de brêge skea oprûn. Nei alle gedachten kin de brêge foarearst net brûkt wurde, omdat ek in slachboom fernield is. De bestjoerder fan de auto hat earste help krigen fan ambulânsepersoniel. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)