Ada S. giet yn kassaasje by de Hege Rie

24 jun 2016 - 22:16
  • Ada S. Gifmoard foar de rjochter

De saak fan de fergiftiging fan Tjipke van der Ploeg út Frjentsjer troch syn eigen frou is noch net op syn ein. De 56-jierrige Ada S. wol yn kassaasje by de Hege Ried. De bekende advokaat Gerard Spong sil har dêr by helpe.

Freed waard Ada S. feroardield ta sechstjin jier sel en tbs mei twangferpleging troch it gerjochtshôf fan Amsterdam. Earder konkludearre ek de rjochtbank al dat de frou skuldich is. Se stie net allinnich terjochte foar it deadzjen fan Tjipke van der Ploeg yn 2012.

Mear slachtoffers fan Ada S.

Se soe ek in eardere echtgenoat yn Enkhuizen yn helpleaze tastân efterlitten hawwe, mei de dea as gefolch. Beide feroardielingen klopje lykwols net, seit advokaat Ayse Cimen. Sy wol dat de Hege Ried him bûcht oer de fraach oft de deadsoarsaak wol foldwaande oantoand is.

Eader sukses by Hege Ried

Yn it gefal fan de man út Frjentsjer waarden wol medisinen fûn yn it bloed, mar neffens de advokaat temin om de dea te ferklearjen. Ayse Cimen wurket op itselde kantoar as Gerard Spong. Spong hat yn it ferline mei sukses saken oanbrocht by de Hege Ried. It duorret lykwols seker in heal jier foardat de ried him bûcht oer de saak fan Ada S. Wilens bliuwt sy fêst sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)