Kommende dagen gjin treinferkear fan en nei Harns en Starum

24 jun 2016 - 19:30

Dit hiele wykein ride gjin treinen fan en nei Harns en ek moandei en tiisdei is it spoar noch ticht. Oanlieding is de oanlis fan in nij spoarfiadukt yn de N31 by Harns. Dat fiadukt is al boud njonken it spoar en moat oer in ôfstân fan 15 meter teplak skood wurde.

It fiadukt is 3.000 ton swier. It wurk begjint freedtenacht om 24.00 oere. Sa'n 70 oant 100 boufakkers binne belutsen by de operaasje. Tiisdei moat it treinferkear wer op gong komme, oant dy tiid wurde bussen ynset. It treinferkear nei Starum leit de kommende dagen ek stil.

Ek dêr wurdt wurke oan it spoar, der wurde bussen ynsetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)