Earder belestingkantoar omtsjoend ta wenkompleks Belkanto

24 jun 2016 - 19:16

In soad grutte kantoargebouwen stean leech en der binne te min betelbere hierwenten. Kinne je fan dy twa problemen net ien oplossing meitsje? Ja, wie it idee op It Hearrenfean by Zwanenburg-projekten. Sy kochten dêr it leechsteande belestingkantoar oan en ferbouden it ta in wenkompleks mei 52 apparteminten.

In tredde part fan de apparteminten falt ûnder it 'begelaat wenjen' fan de stichting Van der Bent. De rest wie yn de frije ferhier samar fuort. De hierprizen lizze dan ek ûnder de hiertaslachgrins.

It kompleks oan it stasjonsplein hat de namme Belkanto krigen en waard freed offisjeel iepene troch boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)