Spesjale farrûte iepene foar elektryske boaten

Tusken Aldegea (SWF) en Heech is freed de earste farrûte foar allinnich mar elektryske boaten iepene. It elektrysk farren is bot yn opkomst en de provinsje wol dat graach stypje. Nei dizze rûte folgje ynkoarten noch rûtes troch de Alde Feanen en de Trynwâlden.
Yn totaal goed foar in ynvestearring fan sa'n 6 miljoen euro. De nije farrûte en it elektrysk farren passe goed yn it provinsjaal belied. Om't de rûte allinnich foar elektryske boaten is, meie motorboaten der eins net mear komme. Doch sil de provinsje foarearst noch net optrede.