Jongeman dy't 60-jierrige frou misbrûkte bliuwt langer fêst

Komposysjetekening fan de fertochte fan seksueel misbrûk 60-jierrige frou
De 29-jierrige Ljouwerter dy't fannewike oanhâlden is foar it seksueel misbrûk fan in 60-jierrige frou út Ljouwert, bliuwt 14 dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank besletten. De man is in bekende fan de plysje. Hy koe oppakt wurde troch DNA-spoaren dy't er achterlitten hie.
De Ljouwerter wurdt der fan fertocht dat er de frou ein maaie yn har eigen hûs oerfallen en misbrûkt hat. De plysje hie grut ynset op de opspoaring fan de fertochte. Sa waard in komposysjetekening frijjûn en kaam de saak yn it tv-programma Opsporing Verzocht.