Brexit: "Der is aanst flink mear papierwurk nedich"

Frysk Europarlementariër Jan Huitema (VVD) is skrokken fan it beslút fan de Britten om út de Europeeske Uny (EU) te stappen. Hy hie net ferwachte dat de Britten dizze kar meitsje soene. Tongersdeitejûn wiisde alles der noch op dat it Remain-kamp winne soe.
Huitema sjocht de Brexit as in signaal foar de oare lannen om nochris te sjen nei hoe't de EU opset is, en hoe't dy op dit stuit wurket. Huitema fynt it skande dat de Britten skielk net mear by Europa hearre.

Undernimmers

Foar ûndernimmers is it noch ôfwachtsjen wat de Brexit krekt betsjutte sil. In grut tal bedriuwen yn Fryslân docht hannel mei de Ingelsen, en dy bedriuwen sille yn de takomst te krijen hawwe mei nije hannelsregels. Ek de koers fan it Britske pûn hat ynfloed op de saken dy't der dien wurde. De koers is bot keldere, en dat is net goed foar de eksport.

Papierwurk

Kris Tirry fan MPC op 'e Gordyk docht 15% fan syn saken mei Britske bedriuwen. Hy hat der betrouwen yn dat der goeie hannelsoerienkomsten sluten wurde sille mei Grut Britannie. Wol tinkt er dat de Fryske bedriuwen der flink wat papierwurk by krije at se guod ferkeapje wolle oan de Ingelsen.

John Jorritsma

Yn in earste reaksje neamt Frysk Kommissaris fan de Kening John Jorritsma it fuortgean fan de Britten 'tryst'. De klok giet no wer 40 jier tebek, seit er op twitter.

Ferrassing

Foarstanners fan in Brexit wûnen it referindum fan tongersdei mei 52 persint fan de stimmen. Fan de Britse kiezers hat 72 persint syn stim útbrocht. De útslach is in ferrassing. Neffens de measte opinypeilers soene de foarstanners fan it EU-lidmaatskip winne.

"Eigenwize artistokratyske minsken"

Op de Ljouwerter freedsmerk binne de reaksjes ferdield. Begryp, ûnbegryp en twivel: alles kaam foarby. "Jammer dat zoveel mensen terug willen naar vroeger", "Der bin te folle earme lannen by kaam, dêr't ús jild no hinne giet", "We mutte weer werom naar su at it froeger was en de gulden mut oek weer terug'.
Der binne ek minsken dy't har soargen meitsje dat ús ekonomy hjir 'in opdonder' fan krijt en dat we in ynstabile tiid temjitte gean. Ien frou makke it net al te folle út: "Ik fyn dy Engelsen mar eigenwize, aristokratyske mênsen..."