Snits krijt ynternasjonale skeakelklasse foar asylsikersbern

Snits krijt in ynternasjonale skeakelklasse, foar ûnderwiis oan asylsikersbern en bern fan statushâlders dy't it Nederlânsk noch net genôch ûnder de knibbel ha. It ûnderwiis wurdt fersoarge ûnder de de flagge fan skoallemienskip Magister Alvinus.
Der binne dosinten oanlutsen dy't spesjalisearre binne yn it jaan fan ûnderwiis oan asylsikersbern. De skoalle komt op de Harmen Systrastrjitte yn Snits. Dat is tichtby it plak dêr't it AZC komt en flakby de stasjons, sadat ek bern fan bûten de stêd der maklik komme kinne.