Trainer Henk de Jong wurdt gasthear by FC Grins

Henk de Jong ferlit it Cambuurstadion neidat er dêr opstapt is © ANP
Ald-Cambuurtrainer Henk de Jong giet oan de slach as kommersjeel meiwurker by FC Grins. Dat hat dy fuotbalklup freedtemoarn bekend makke. De Jong seit sels dat it in bewuste kar is om him breder te oriïntearjen yn de fuotballerij.
De 52-jierrige De Jong wurke fan 2005 oant 2007 as trainer fan de beloften fan FC Grins. De Jong krijt as taak sponsors en advertearders binnen te heljen. Ek sil er optrede as gasthear by wedstriden fan it earste alvetal fan FC Grins.
De Jong tekenet in kontrakt foar ien jier. Hy siet sûnt febrewaris fan dit jier sûnder klup. Doe stapte er op as trainer fan Sportklup Cambuur.