Plysje ûndersiket poging ta deaslach by buskestellerij opnij

© ANP
De plysje hat in nij ûndersyk ynsteld nei de poging ta deaslach fan in 37-jierrige man út Appelskea yn desimber ferline jier. By de plysje is nije ynformaasje binnenkaam.
It slachtoffer besocht de dief fan syn VW-bus tsjin te hâlden. De man hearde nachts om kertier oer ienen hinne dat de bus by syn hûs oan de Bosleane starten waard en die de doar fan de bus iepen. Achter it stjoer siet in ûnbekende man. De eigner besocht de dief út it buske te lûken. Dy ried lykwols fuort, wêrtroch't de man út Appelskea slim ferwûne rekke.
It slachtoffer hat lange tiid yn it sikehûs lein. Hy makket it neffens de plysje no neffens omstannichheden ridlik. By de stellerij hat de dief noch in goudkleurige Mercedes rekke doe't er útnaaide.
De bestelbus is letter swier skansearre oantroffen yn Dalen, yn de omkriten fan Center Parks Huttenheugte. De plysje ropt tsjûgen op om har no dochs noch te melden.