16 jier sel en TBS foar Frjentsjerter gifmoardneres

24 jun 2016 - 14:23
  • Ada S. Gifmoard foar de rjochter

'Gifmoardneres' Ada S. (54) is yn heger berop feroardiele ta 16 jier sel en TBS mei twangferpleging. Ein maaie easke it Iepenbier Ministearje 20 jier sel en TBS. 

It hôf achtet de frou skuldich oan de deadlike fergiftiging fan har twadde man yn Frjentsjer yn 2012. Neffens it hôf stiet ek fêst dat  se acht jier earder yn Enkhuzen har earste man helpleas achterliet, wêrnei't er ferstoar. Se hat ek brân makke yn de wenning fan de man mei wa't se fan 2012 ôf in relaasje hie.

Libbensfersekering

In pear wiken foar it ferstjerren fan har man sleat de frou mei ferfalske papieren in libbensfersekering ôf, op namme fan har man. Hy wist dêr neat fan. Neidat se him mei in oerdosis oan medisinen ombrocht hie, struts se sa in heal miljoen euro op. 

Earder hie de rjochtbank S. feroardiele ta 20 jier selstraf foar de gifmoard. Dêr siet doe gjin TBS by. Se waard der ek fan fertocht dat se har earste man ombrocht hie, mar dêr waard se yn de eardere saak foar frijsprutsen. Sawol it Iepenbier Ministearje as de fertochte gongen yn heger berop tsjin dat fonnis.

Dagen dwaande

In legere rjochtbank fûn earder dat der genôch bewiis wie dat de frou har twadde man út Frjentsjer mei opsetsin om it libben brocht hat. Se is dêrby berekkenjend te wurk gien, sei de rjochtbank. De frou hat dagen dwaande west om de man mei medisinen en kalmearringsmiddels te ferswakjen en dêrnei deagean te litten.

Neffens de rjochtbank hat de frou in persoanlikheidsstoarnis mar is it ferbân tusken de stoarnis en har dieden ûndúdlik. Se krige dêrom gjin TBS mei twangferpleging. It Iepenbier Ministearje fûn dat se dat wol krije moat.

Ynternet

Ut de eardere saak die bliken dat der bewiis is dat de frou op ynternet socht hat nei de wurking fan kalmearringsmiddels, en dat se der fia har wurk yn de soarch ek maklik oankomme koe. 

Earste man

Wat de moard op har earste man yn Enkhuzen yn 2004 oanbelanget, dêr waard de frou yn earste oanlis al fan frijsprutsen. Neffens de rjochter wie dat te lang lyn en koe it net bewiisd wurde. Wol fûn de rjochtbank dat de dea fan har man de frou oan te rekkenjen is, omdat se him gjin needsaaklike medyske help jûn hat.

Terpentine

De frou wie yn earste oanlis ek feroardiele foar it yn brân stekken fan it hûs yn Brabân, dêr't se de lêste jierren wenne hat. Se hie dy deis fjouwer flessen terpentine kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)