Kollum: "Ympotint as Switsers sûnder bergen"

24 jun 2016 - 10:40
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

Doe't ik yn de binnenstêd fan Haarlem wenne, fytste ik geregeldwei de stêd út. Ik trape dan lâns in pittoresk paadsje dat se 'De Zeven Bruggetjes' neame. As je it paadsje ôffytse komme je yn it grutste en moaiste dúngebiet fan ús lân út, de Kennemerduinen.

Je kinne der kilometers fytse. Meastentiids komme je fûgels, wat Schotse Hooglanders, shetlandpony's of in foks tsjin. Net folle minsken yn elts gefal, dy fytse leaver yn klútsjes nei Bloemendaal om dêr kont oan kop op it strân te lizzen. As ien fan jim fakânsjelannen hat yn dy buert: lústerje nei jo kolumnist en gean fytsen troch de Kennemerduinen. It is der skitterjend. Se ha der goed past op har moaiens.

Sûnt in pear jier wenje ik yn Den Haach. Hjir wenje ik nóch tichter by de dunen en de see. Ik hoech mar in minútsje as tsien te fytsen en stean al mei de bleate fuotten yn it seewetter. It natuergebiet is hjir ek wol moai, mar it is mar sa'n koart stikje.

In tiidsje lyn gong ik in stik te fytsen. Ik tocht, leuk, fanút de dunen oer in seedykje rjochting Hoek fan Holland. Ik hie de kop noch net leech of ik krige my dochs in dosis lânskipsferfuiling foar de kiezzen. Ik blykte op wei te wêzen nei de Maasvlakte mei har petrogemyske yndustrie. En foardat ik dêr oan de drank reitsje soe, moatte je earst ek noch it meunsterlike kassegebiet fan it Westlân bydel. In soarte fan Mordor.

Je moatte je in poldergebiet foarstelle mei rigen en rigen grize kassen deryn plempt. De iene noch suteriger as de oare. Gjin fûgel of knyn dy't er wenje wol. Moatte der allegearre fuort oan de anti-depressiva. De endorfinen dy't ik krekt oanmakke hie fan it hurde fytsen skeaten as raketten myn lichem út. It hiele lânskip is der fernachele. Se ha hjir dus net goed past op har moaiens.

Dizze yndustriële fersmoarging sjoch ik oeral. Lâns sneldiken bygelyks. As ik rjochting Amsterdam ryd, moat ik langs in wrâld fan loadsen en hallen. De oare kant op, rjochting Rotterdam kom ik nei in nanosekonde grien al troch in pretpark fan lûdswalen en industrie. Gjin grien, allinnich griis en beton. As ride je troch in boaze dream. No tinke je misskien, kom werom nei Fryslân.

Mar we ha lêst fan lânlike folplemp-koarts. We binne op wei om al ús moaiens yn te ruiljen foar lillikens, foar griis. Sjoch mar ris om je hinne. Ik tink bygelyks oan Hearrenfean, mei de nije molkpoeierfabryk as bekroaning. En ik tink oan de A7 by Drachten, de yndustriestrook, leaflik Azeven neamt. Mei har prefab-loadsen. Is er wol earst nei leechsteande bedriuweterreinen sjoen foardat it er delset is? We tinke dat it de achterkant fan in stêd of doarp is, mar sa'n yndustriestrook is no krekr de foarkant. It fisitekaartsje. Ik sitear hjir lânskipsarzjitekt Adriaan Geuze.

Stel jo ris foar dat we dit sa trochsette, oant it Waad ta, lekker de hiele Sintrale As folplempe mei bedriuwen en loadsen wêr't dan letter 'Te Huur' op komt te stean. As we sa trochbouwe, hâlde we we gjin polderlânskip mear oer. En as dat bart, dan reitsje we mentaal 'verweesd', seit Geuze. We ha ús lânskip nedich. Oars wurde we "ympotint as Switsers sûnder bergen en iensum as Italianen sûnder iten." Fan natoer en moaiens wurde je gelokkich. Aanst ha we allinnich noch bakken mei yndustry-jild troch ús folplemp-ferslaving mar gjin blom of hoarizon mear om oerhinne te sjen. Dus projektûntwikkelders, arzjitekten en gemeenten, tink nei. Tink tûker. Tink oan grien in pleats fan griis. Oars wurde we dochs noch earm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)