Flechtmuseum nei sluting fan moannen wer iepen

24 jun 2016 - 09:33
  • It Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâlde

It fernijde Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâlde wurdt freed nei in sluting fan sân moannen wer iepene. It museum is folslein opnij ynrjochte om it ferhaal fan it flechtsjen yn relaasje mei de skiednis fan Noardwâlde op moderne wize sjen te litten.

Noardwâlde wie eartiids ít flechtdoarp fan Nederlân. Neist de rike skiednis fan it gebiet is der ek omtinken foar it flechtambacht. Besikers kinne yn in lokaal sels in flechtwurkje meitsje.

It museum hat swiere jierren achter de rêch. It tal besikers rûn ferline jier werom nei 6100, wylst der yn 2014 noch 7000 besikers oer de flier kamen. De fernijing moat wer soargje foar mear besikers. Gearwurking mei oare organisaasjes lykas de biblioteek en de Wereldwinkel moat der foar soargje dat der de kommende jierren ek wer mear minsken komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)