"Gobsmacked: Ik skamje my dea foar Brexit"

24 jun 2016 - 08:40

Se is mei stomheid slein, Mona Smith-Kramer. "En dat kear tsien. 'Gobsmacked' sizze se hjir." Se komt oarspronklik út Fryslân, mar wennet no al 22 jier yn Ingelân. En se hie nea ferwachte dat Grut-Brittannië kieze soe om de Europeeske Uny (EU) te ferlitten.

"De Britten ha altyd al it idee hân dat se net echt by Europa hearre. Se sjogge net fierder as 'Little Britain'. Ik skamje my dea, dat se sa stom wêze kinne." Oan har stim is te hearren dat se der wier bot mei oan is. "Ik wit net hoe't ik dit útdrukke moat, sa slim fyn ik it."

Skotlân en Ierlân

"Dit bepaalt de sfear yn it hiele lân. Skotlân en Noard-Ierlân wolle wol by de EU bliuwe." Skotlân hat yn 2014 in referindum holden om ûnôfhinklik te wurden fan it Feriene Keninkryk. Dat is doe net slagge. "Je kinne der donder op sizze dat der no wer sa'n referindum komt. Mei in oare útslach."

Watfoar gefolgen dizze kar fan de Britten ha sil, dat wit net ien. "Hoe moat it aanst mei Noard-Ierlân? Dat sit oan Ierlân fêst. Moat dêr no in grins komme? Der binne safolle ymplikaasjes!"

Net stimme

Sels mocht se net stimme, omdat se de Ingelske nasjonaliteit net hat. "Ik moat mar ôfwachtsje wat se oer myn takomst beslisse" sei se tongersdei. "Mar se sille dochs net sa dom wêze dat se ús der út stimme?"

Ymmigraasje

Ymmigraasje is in hite hei yn Ingelân. "Minsken sizze dat ymmigranten de wurkplakken fan de Britten ynnimme. Mar ik bin dêr ien fan. As ik hjir mei minsken praat, ha se dat lang net altyd yn de gaten." seit frou Kramer-Smith.

52 persint

De foarstanners fan in Brexit ha it referindum wûn mei in foarsprong fan mear as 1,2 miljoen stimmen. Fan de kiezers hat 72 persint syn stim útbrocht. Dat meldt de Britske kiesried by in offisjele plechtichheid yn it stedhûs fan Manchester. En 52 persint fan de kiezers stimde foar in Brexit.

Foarstanners fan in Brexit hiene oant foarige wike in lytse foarsprong yn de peilingen. De oerwinning komt dochs as in ferrassing. By it iepenjen fan de stimbussen wiene it noch de EU-foarstanners dy't oan kop gongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)