Sutelje: Mei in kroadfol boeken by de doarren del

24 jun 2016 - 07:33
  • Deputearre De Vries mei de kroade by de doarren del yn 2014

Yn Warten en Wergea begjint hjoed wer in nije sutelaksje. Dat betsjut: op 'âlderwetske' wize mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del. Dy sutelaksje wie jierrenlang in barren, dat alle jierren ek weromkaam.

Twa jier lyn liet in sutelaksje yn in stik as tsien doarpen sjen, dat it noch hieltyd in goeie wize is om Fryske boeken te ferkeapjen mar it jier dêrnei lei alles wer stil. Altearst, sa like it. Der is dochs wer wurke oan it op 'e nij opsetten fan de ferkeap, benammen troch skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)