"Minister moat mei jild oer de brêge komme foar Ofslútdyk"

Der moatte nije brêgen komme oer de Ofslútdyk, en in bredere slûs by Koarnwertersân, en sa moatte alle problemen yn ien kear oplost wurde. Dat fynt deputearre Klaas Kielstra. Hy wie tongersdei yn Den Haach, dêr't Twadde Keamerleden praten oer de problemen op de de Ofslútdyk.
It ferbreedzjen fan de slûs is gjin regionaal, mar in nasjonaal projekt, fynt Kielstra. Dus minister Melanie Schultz van Haegen fan Ferkear moat mei jild oer de brêge komme, seit er. Der ha dit jier al 14 steuringen west oan de brêgen yn de Ofslútdyk.
De grutste problemen wiene der op sneon 30 jannewaris. Doe stie it ferkear yn beide rjochtingen oeren lang fêst, omdat der in kabel brutsen wie by de brêge oer de slûzen by Koarnwertersân.It sil noch wol in pear jier duorje foardat der in nije brêge komt. Kielstra fynt dat der no in oplossing socht wurde moat, sadat by steuringen de fertraging sa minimaal mooglik is.
Yn de Twadde Keamer wurdt de rop om in oplossing ek hieltyd grutter. Twadde Keamerleden wolle tasizzingen heare fan minister Schultz. De minister sei dat se 'er boven op' sit. De renovaasje fan de brêgen is al yn gong set. Fierder sil se besjen wat der fierder dien wurde kin om nije steuringen te foarkommen en dat de Twadde Keamer op koarte termyn wite litte.