Easterlittens moetet Ljouwert yn finale IFK Jeu de Pelote

23 jun 2016 - 22:12

De finale fan de 18e edysje fan it IFK jeu de pelote giet freedtejûn tusken it thúsdoarp Easterlittens en Ljouwert. Op it plein fan Easterlittens ferlear de winner fan ferline jier Wommels kânslêas fan Easterlitens mei 8-3.

De oare heale finale tusken Ljouwert en Frjentsjer ferrûn mei mear spanning. Ljouwert naam in 5-1 en 7-4 30-0 foarsprong, mar beide kearen kaam Frjentsjer werom. Pas op 7-7, 40-15 einige de partij troch in foarslach fan Michel van der Veen. De finale begjint freedtejûn om 19.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)