Plysje fynt kampearguod op de A32

23 jun 2016 - 21:59

De plysje hat tongersdeitejûn neist de A32 by Grou in tintsje en oar kampearfuod fûn. It guod is nei alle gedachten út in dakkoffer fallen. De melder sei dat der in frou by in auto stie, mar doe't de plysje kaam, wie se der net mear.

It guod lei allegear noch wol yn de berm en ek yn de middenberm. Minsken fan Rykswettersteat hawwe it oprêden en meinommen nei it depot yn De Jouwer. De eigener kin it guod dêr ophelje.

Trefwurden: 
plysje A32 Grou kampearguod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)