Definsje sil ynsjoch jaan oer kosten fan belevingsflechten
De fêste keamerkommisje foar definsje hat tongersdei mei minister Hennis praten oer it lûd om de Ljouwerter fleanbasis hinne. Oan de ein fan it oerlis hat de minister tasein dat der ynsjoch komme sil yn de kosten fan de belevingsflechten. Fierder komt der in fuortgongsrapportaazje fan de stjoergroep.
SP en D66 meitsje har grutte soargen oer de gefolgen fan it lûd foar it gehoar fan bern. SP wol dat der in maksimumnivo ynsteld wurdt, mar dat fynt de minister net nedich.
Lûdsgrinzen
Neffens har fljocht definsje binnen de fêststelde lûdsgrinzen. Hjiroer is goed oerlis mei de stjoergroep. De kommisje frege ek noch nei de plannen fan de minister om tegearre mei Noarwegen yn Ljouwert in oplieding foar wapenynstrukteurs te hâlden, om't se bang binne dat dit ek foar mear lûdsoerlêst soargje sil. De minister hat tasein dat se de kommisje ynformearje sil oer it eventuele konvenant mei de Noaren.