Fiskers leverje stikkene fisknetten yn foar goeie doel

Fisk sit fêst yn fiskersnet © ANP
De stikkene fisknetten dy't troch Stichting Duik de Noordzee Schoon yn Harns sammele wurde, binne tongersdei nei seehûnesintrum Pieterburen brocht. Fiskers kinne de netten ynleverje, sadat dy net yn see bedarje.
De Stichting jout se oan Happy Seal, dy't der foar soarget dat de netten opnij brûkt wurde foar it meitsjen fan klean en skateboards. Dy wurde dan wer yn it seehûnesintrum ferkocht. De opbringst wurdt brûkt foar de fersoarging fan bisten dy't yn fisknetten telâne kommen binne.
De ynskatting is dat der alle jierren 640.000 ton oan netten yn de see achterbliuwt. Sa'n 136.000 bisten reitsje dêr yn fertize en gean dêrtroch dea.