Garyp wol 14 nije huzen bouwe yn krimpgebiet

Nei alle gedachten set Garyp noch dit jier útein mei de bou fan fjirtjin huzen yn in lytse nijbouwyk. Al leit it doarp op de râne fan krimpgebiet, dochs hawwe de gemeente Tytsjerksteradiel en boubedriuw De Haan der fertrouwen yn dat der animo is foar de kavels. Neffens de inisjatyfnimmers komt der hieltyd mear beweging yn de wenningboumerke, benammen by jonge gesinnen. Tongersdeitemiddei wie der in ynformaasjemerk oer it bouprojekt.