"Der lizze soad kânsen foar Fryske bedriuwen yn de eksport"

23 jun 2016 - 20:38
  • Byienkomst Stenden en ûndernimmers

Fryske bedriuwen moatte better ynsette op de eksport nei it bûtenlân. Dat sizze studinten fan de hegeskoallen NHL en Stenden. Sy hawwe it ôfrûne healjier ûndersocht hoe't Fryske bedriuwen harren better op 'e kaart sette kinne troch mear te eksportearjen nei it bûtenlân.

Ut de eksportplannen dy't de studinten betocht hawwe, docht bliken dat der noch in hiel soad kânsen binne foar bedriuwen. Benammen yn Azië en Dútslân lizze sterke mooglikheden ta eksport. Dat hat te krijen mei oare regeljouwing en in bettere marktposysje as yn Nederlân.

Benammen in bettere kostpriis en opbringstpriis yn it bûtenlân binne oantreklik foar de Fryske ekonomy.

Studinten jouwe advys

De studinten dienen har ûndersyk yn it ramt fan de wedstriid 'Export Carroussel' fan de provinsje Fryslân. Sa'n 40 tredde-en fjirdejiersstudinten International Business en Management Studies presintearden woansdei harren advizen oan de bedriuwen. In tal Fryske bedriuwen dêr't de plannen foar makke binne sizze oan de slach te gean mei de eksportadvizen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)