Ljouwert hat noed oer de kosten fan nije soarchtaken

23 jun 2016 - 19:59

De gemeente Ljouwert hat woansdei har jiersifers presintearre. Wethâlder Sjoerd Feitsma seit dat de gemeente yn 2015 sa'n 3,8 miljoen euro minder útjûn hat as begrutte. It eigen fermogen fan de gemeente naam lykwols wol mei sawat 6 miljoen ôf.

Neffens de wethâlder hat de gemeente in sûne finansjele situaasje. Soargen binne der benammen oer de kosten foar de nije soarchtaken fan de gemeente en de oergong nei it nije systeem. Foar takom jier binne der reserves om dy kosten op te fangen, mar dêrnei net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)