Waadsee telt wer groeiend oantal mearjierrige mokselbanken

23 jun 2016 - 19:44
  • In mokselbank op de Waadsee

Der binne wer mear mearjierrige mokselbanken yn de Waadsee. Dat docht bliken út in telling fan natuerorganisaasjes. Dizze mokselbanken lizze benammen yn it gebiet, dêr't mokselfiskers gjin sied fange. Dat is yn 2008 ôfpraat tusken oerheid, fiskers en natuerorganisaasjes.

Der leit no 500 hektare oan mokselbanken yn dy beskerme sônes. Dat betsjut dat yn in tredde part fan de slinken gjin sied mear fongen wurdt. Sa ûntstean mearjierrige mokselbanken: mokselbanken mei moksels fan ferskillende leeftiden.

Dy foarmje in leefgebiet foar bygelyks anemoanen, fisken en seestjerren.

"Het is mooi om te zien dat bescherming helpt en het beoogde natuurherstel is begonnen", konkludearret regiodirekteur Wilfred Alblas fan Natuurmonumenten. "Van de mosselsector heeft de omschakeling naar MZI's een grote inspanning gevergd en het is mooi dat die beloond wordt. Ook voor de sector is er perspectief."

No't it sied net mear opfiske wurdt, krijt it sied de kâns út te groeien ta moksels. Dizze jonge moksels wurde opfongen yn spesjale ynstallaasjes. Dat binne touwen dy't yn it wetter hingje. Op see binne se werkenber troch de rigen driuwers yn ferskillende kleuren. Uteinlik gean de jonge moksels nei Seelân om te einigjen op de itensboarden.

Duorsume feroaring

It mokselkonvenant is súksesfol. De mokselbanken krije de kâns om âld te wurden en de ynnovaasje om moksels fia de ynstallaasjes te fangen wurket. Der wurdt al 16 miljoen kilo mokselsied op dize wize binnenhelle. Dat jout romte om yn 2018 de folgjende stap út it mokselkonvenant te setten en nochris tsien prosint fan de slinken te sluten foar it fiskjen fan mokselsied fan de boaiem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)