SP wol dúdlikheid fan Poepjes oer CAO-misstannen Sintrale As

23 jun 2016 - 18:17

Fakbûn FNV fynt dat deputearre Sietske Poepjes net goed op de hichte is fan de misstannen by de oanlis fan de Sintrale As. De deputearre reagearre ûntkennend op de beskuldigings fan de FNV dat by de oanlis fan de Sintrale As de CAO's net goed tapast wurde.

De deputearre hat neffens it FNV noch gjin leanstrook ynsjoen en har ek net ferdjippe yn de situaasje. Se hat wol tasein dat se mei de haadoannimmer de saak ûndersykje sil. De FNV hat no in brief nei de provinsje stjoerd, dêr't de misstannen yn taljochte wurde.

De SP-steatefraksje hat nei oanlieding fan de fragen fan fakbûn FNV oer mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As, fragen steld oan deputearre Sietske Poepjes. Neffens it fakbûn wurde op grutte skaal de útstjoer- en bou-CAO's skeind. De SP wol dêroer opheldering fan de deputearre hawwe.

Fraksjefoarsitter Fenna Feenstra fynt dat de provinsje as haadopdrachtjouwer net mei ferantwurdlik wêze mei foar misstannen by de oanlis fan de dyk. Se wol fan de deputearre witte oft de beskuldigings fan de FNV wier binne. At dat sa is wol Feenstra witte oft der dan fuortendaliks maatregels nommen wurde sille. De SP wol dat de deputearre de steaten dêr sa gau as mooglik oer ynformearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)