Frou smookt heroïne en krûpt efter it stjoer

23 jun 2016 - 17:46

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in frou út Dokkum oanhâlden. Se siet ûnder ynfloed fan heroïne achter it stjoer fan har auto. De plysje hie in melding krigen dat in frou yn in auto net goed wurden wie oan it Johannes Kolfplein yn Ljouwert. De ambulânse waard ynskeakele en ek de plysje gie der op ôf. Doe die bliken dat de frou krekt dêrfoar heroïne smookt hie. Har rydbewiis is yn beslach naam en it CBR ûndersiket oft de frou noch wol wer ride mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)