Overgoor ferlit Cambuur foar Hongaarske klup

23 jun 2016 - 16:57
  • Sjoerd Overgoor

Sjoerd Overgoor giet fuort by Cambuur. De middenfjider makket in transfer nei Szombathelyi Haladás, in ploech dy't útkomt op het heechste nivo fan Hongarije. Overgoor hat yn totaal ien seizoen yn Ljouwert spile. Yn 22 earedifyzjewedstriden makke er twa goals.

Overgoor hat ek oanfierder west by in tal fan de wedstriden. Letter rekke er op de bank, ûnder mear omdat er 'oververmoeid' wie. Dêrfoar spile er by Go Ahead Eagles yn Deventer. Technysk manager Henry van der Vegt seit dat Overgoor sels fuort woe by de klup.

Oer de hichte fan de transfersom wurde gjin meidielings dien. By Szombathelyi Haladás spilet ek keeper Gábor Király, dy't op it stuit mei Hongarije meidocht oan it Europeesk kampioenskip yn Frankryk. Király stiet der bekend om dat er altyd mei in grize joggingbroek keept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)