Skoallen SWF krije jild fan gemeente foar útwreiding

23 jun 2016 - 15:48
  • De Simon Havingaskoalle yn Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân stekt takom jier hast twa miljoen euro yn nijbou en útwreiding fan skoalgebouwen. It jild giet ûnder oaren nei skoallen dêr't bern les krije dy't yn it nije azc komme te wenjen.

Fierder krijt de Simon Havingaskoalle yn Snits in nij gimmestyklokaal. It âlde gebou njonken de skoalle is oan ferfanging ta. De gemeente rekkenet der ek op dat skoallen yn Arum en De Lege Geaën ferlet ha fan jild foar har gebouwen, omdat dêr plannen binne foar in fúzje. De gemeente praat dêr al oer mei de belutsen skoalbestjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)