Lossketten solarboat rekket Qliner op de Wâldwei

23 jun 2016 - 15:12

Op de Wâldwei is tongersdeitemiddei in Qliner fan Arriva skansearre doe't dy rekke waard troch in solarboat. De sinneboat lei op in trailer achter in auto, mar skeat troch noch ûnbekende oarsaak los en fûl de dyk op.

It ûngelok barde by de ôfslach nei Burgum. Der wie dêrom in skoftke mar ien rydstrook beskikber. Der rekke nimmen by it ûngelok ferwûne. Wol hiene de boat en de bus beide skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)