Eveneminten meitsje draaiboeken foar ekstreem waar

Organisaasjes fan eveneminten en festivals moatte hieltiten mear rekken hâlde mei it waar, no't we faker te krijen ha mei ekstreme buien, in soad wetter en fûle tonger. Eveneminte-organisaasjes hâlde der mear en mear rekken mei yn har draaiboeken.
Festivalorganisator Jan Gaastra hat sels in spesjaal feilichheidsteam dat de waarsferwachting per oere yn de gaten hâldt. Bij need wurde terreinen ûntromme en geane aktiviteiten binnendoar fierder, as dat mooglik is.
De Veiligheidsregio Fryslân hat ferline jier noch in spesjale temabyienkomst hâlden oer it waar. Dat wie ûnder oare bedoeld om organisaasjes fan festivals en oare eveneminten even ekstra wekker te skodzjen.