64e Heamieldagen úteinset yn Boalsert

De 64ste Heamieldagen yn Boalsert binne woansdeitejûn begûn. Op it bordes fan it eardere stedhûs oerlange boargemaster Apotheker de stedskaai oan Heakeninginne Mireille Wolthuizen. Mei har hofdames Esmee en Jeanne ferwolkomme se in grutte stoet prealweinen. Oant en mei sneon is it feest yn Boalsert. Op tal fan plakken yn de Hanzestêd wurde aktiviteiten organisearre lykas merken, festivals, konserten. En fansels wurdt ek it tradisjonele heamiel servearre.
Eartiids waard ein juny, wannear it lêste hea binnen helle wie, troch de boer en syn feinten in miel iten om te fieren dat it wurk dien wie. Sa'n miel wurdt in heamiel neamd. Dit tradisjonele miel bestiet út brandewyn, boerejonges, rys en rezinen.
De organisaasje hat tongersdei fanwegen it minne waar noch bepraat oft de aktiviteiten yn Boalsert ôfsein wurde moasten. Der wurdt lykwols fanút gien dat it waar opknapt.