Drachtster krijt sân jier sel en tbs foar deaslach op eks

23 jun 2016 - 13:14

De rjochter hat sân jier sel mei tbs útsprutsen tsjin de man dy't ferline jier augustus yn Drachten syn eks-freondinne deastutsen hat. De rjochter folget dêrmei de eask fan it Iepenbier Ministearje. Moard kin yn dizze saak net bewiisd wurde, deaslach wol. Der soe gjin bewiis wêze dat de fertochte it mes yn it foar meinaam hat. Dêrnjonken wie de fertochte ûnder ynfloed en kin er dêrtroch net mei opsetsin hannele hawwe. De 43-jierrige Drachtster is it net iens mei de útspraak en giet yn heger berop.

De man gie nachts nei it hûs fan it 32-jierrige slachtoffer en brocht har om it libben. De rjochter nimt it de feroardielde kwea ôf dat er him nei syn died net om it slachtoffer bekommere hat. En dat wylst er wist dat it doetiids achtjierrige jonkje fan de frou ek yn 'e hûs wie. It jonkje, dat no 9 jier is, kaam twa wiken lyn yn de rjochtsaak oan it wurd fia in fideoboadskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)