"Otter ferdronken yn fûke sûnder beskerming"

23 jun 2016 - 12:53
  • Otter

Der moat better hanthavene wurde op de ferplichte fûkebeskerming tsjin otters en oare sûchdieren. Dat fynt Harry Bosma fan sûchdiereferiening Calutra. Dizze wike waard in deade otter oantroffen yn in fûke fan in beropsfisker. Dizze hie gjin fûkebeskerming oanlein, wêrtroch de otter samar de fûke yn swimme koe en ferdronk.

De beskerming is sûnt 1 jannewaris ferplichte en de hoop fan Bosma wie dat de situaasje ferbetterje soe. Mar dat liket no net it gefal. It is net foar it earst dat der in otter ferdrinkt yn in fûke, sa seit Bosma.

Neffens Bosma hat de fisker tajûn dat er al earder ris in otter yn de netten hie. Ek binne der in oantal moanne lyn fiif deade otters fûn dy't op it earste gesicht neat mankearren. Calutra tinkt dat ek dizze bisten troch ferdrinking om it libben kaam binne.

Utwreiding otterleefgebiet

Provinsje Fryslân lit witte dat de fûkebeskerming allinnich ferplichte is yn it offisjele otterleefgebiet en it foarfal fan ôfrûne wike wie bûten dat gebiet. De provinsje sjocht lykwols dat de otterpopulaasje yn de ôfrûne jierren tanaam is en dat it leefgebiet grutter wurden is.

Dêrom wo se tegearre mei ûnder oare it Wetterskip sjen nei in útwreiding fan it offisjele otterleefgebiet. Ek wol de provinsje de hanthavening fan de fûkebeskerming nochris ûnder de lûp nimme. Dizze wurdt útfierd troch de Fryke Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)