D66 easket subsydzje fan Hearrenfean foar Museum Belvédère

23 jun 2016 - 12:34
  • Museum Belvédère

De gemeente Hearrenfean moat gau jild ynvestearje yn Museum Belvédère yn Oranjewâld om foar te kommen dat it de doarren slute moat. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan D66. Belvédère kampt mei jildkrapte, want in tal grutte sponsoaren is ôfheakke. Subsydzje is nedich, oars rêdt it museum it net. 

De gemeenteried fan Hearrenfean beslút ein dit jier oer de nije ferdieling fan it kultuerjild. Belvedere makket neffens D66 dan grutte kâns om struktureel subsydzje te krijen.

Dat betsjut wol dat der pas yn 2018 jild beskikber komt foar it museum en dat is te let, stelt de fraksje. D66 tsjinnet tongersdei in moasje yn oer de kwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)