Waadferiening wol stop op ynvestearringen yn gaswinning

De Waadferiening ropt tolve ynvestearders op om gjin jild mear te stekken yn gaswinning yn de Waadsee. It giet ûnder oare om de Nederlânske pensioenfûnsen ABP, PFZW en Delta Lloyd. De Waadferiening publisearret tongersdei in rapport oer de rol fan grutte finansjele ynstellingen by nije gaswinningsplannen yn it Waadgebiet.
De feriening wiist de ynstellingen op de macht dy't se hawwe om it tij te kearen. Neffens de Waadferiening ferskûlje sy har no achter it belied fan regearingen.
De feriening freget elke ynvestearder om no dúdlik te meitsjen as se in wetlik ferbod op oalje- en gaswinning yn kwetsbere gebieten stypje wolle. It rapport set de reaksjes fan de ynvestearders op in rychje. Oer it algemien docht bliken dat se leaver gjin stânpunt ynnimme oer de gaswinningsprojekten dy't se finansiere.