Auto bedarret op sydkant op klaverblêd by Drachten

© De Vries Media
Op it klaverblêd by Drachten is tongersdeitemoarn in auto op de sydkant bedarre. Helptsjinsten waarden efkes nei njoggen oere oproppen fanwegen it ûngelok. Dat barde by de ôfrit fanôf de A7 fanút Drachten yn de rjochting fan Easterwâlde. De brânwacht fan Oerterp en Drachten rukten út.
Troch it ûngelok rûn it ferkear op de ôfrit fêst en stie ek in part fan it ferkear op de A7 stil. Hoe't de auto op de sydkant bedarje koe, is noch net bekend. Mooglik hat it dermei te krijen, dat der in soad rein foel en fallen is.