"Twadde Keamer moat problemen Ofslútdyk oanpakke"

Wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest Fryslân tinkt dat ek polityk Den Haach nei de problemen op de Ofslútdyk fan woansdeitemiddei wol sjocht dat der wat barre moat oan de situaasje.
De Ofslútdyk is al lange tiid in boarne fan problemen, seker ek foar Fryslân. De brêge bliuwt geregeld heakjen, wol net ticht en de slûs is eins te lyts. Tongersdei wurdt der yn de Twadde Keamer praat oer de oanpak fan de slûs en fan de brêgen.
"Een voorval waarbij mensen vier uur voor een brug staan, in de brandende zon, dat werd ronduit zorgelijk. Bij een Grip1, dat is een alarmfase waarin de gezondheid van de mensen echt een punt van aandacht wordt, wordt het wel zo urgent dat ik denk dat de wil in Den Haag nu ook positief gaat kantelen", sa sei Offinga. It is in grutte winsk fan de provinsje, de oan de Iselmar lizzende gemeenten, de provinsje Flevolân, it bedriuwslibben en de fakbûnen.