Heale finalisten bekend by IFK Jeu de Pelote

22 jun 2016 - 22:18
  • Boalsert tsjin Easterlittens
  • Easterein tsjin Ljouwert
  • Frjentsjer tsjin Bitgum

Op it plein fan Easterlittens waarden woansdei de lêste partijen fan de twadde list fan it 18e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote spile. Frjentsjer wûn yn in spannende partij mei 7-6 fan Bitgum. Se komme út yn de heale finale tsjin Ljouwert, dat nei in muoisum begjin Easterein mei 8-3 fersloech.

Yn de oare heale finale komt Easterlittens sels út tsjin Wommels. Wommels hie in steand nûmer om yn de heale einstriid te kommen wylst Easterlittens mei 8-3 wûn fan Boalsert. De winners fan de heale finales keatse freedtejûn de grutte finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)