Provinsje wol maksimaal 600 skoalferlitters per jier

22 jun 2016 - 22:06

Net mear as 600 learlingen meie oer fjouwer jier de skoalle ferlitte sûnder diploma. Dat is de ambysje fan de provinsje. Minister Bussemaker hat earder dit jier al oankundige hjir ek jild foar beskikber te stellen.

Dêrom hat de gemeente Ljouwert hat yn dat ferbân woansdei opnij in oerienkomst tekene mei it Nordwin College en ROC Friese Poort om it tal skoalferlitters werom te bringen.

Ien fan de maatregels om dit te berikken, is de saneamde oerstapkalinder. Hjiryn stiet wa't in learling yn de gaten hâlde moat by de oerstap fan it fuortset ûnderwiis nei it MBO. Fryslân wurket al langer mei dizze metoade en it tal útfallers is dêrtroch ferline jier ek al minder wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)