Provinsje nimt foar 22 miljoen NOM-oandielen oer fan it ryk

De provinsje Fryslân nimt foar 22 miljoen euro oandielen fan de NOM - de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij - oer fan it ryk. Provinsjale Steaten joegen woansdei grien ljocht foar de oankeap. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte keapje mei syn trijen 50% fan de oandielen.
Se wolle sa mear sizzenskip krije oer de NOM en it ek makliker meitsje foar it midden- en lytsbedriuw om saken te dwaan mei de ûntwikkelingsmaatskippij.
Dat is belangryk, want foar in soad lytsere bedriuwen is it tsjintwurdich lestich om jild te lienen by de bank. Boppedat is de ynvestearring ek foardielich foar de provinsje. Dy krijt hast gjin rinte foar de finansjele reserves en ferwachtet by de NOM in heger rendemint. Al is dat net it earste doel. It giet yn it foarste plak om it beskikber stellen fan risikokapitaal oan it bedriuwslibben.