Miljoenen nei FrieslandCampina foar nije produkten

22 jun 2016 - 21:07
  • FrieslandCampina

Suvelbedriuw FrieslandCampina krijt in liening fan 150 miljoen euro fan de Europese Investeringsbank (EIB). It is foar it earst dat in Nederlânsk bedriuw út de agraryske sektor jild fan de EIB krijt.

FrieslandCampina brûkt de liening foar ûndersyk nei en ûntwikkeling fan nije produkten. De measte miljoenen geane nei Wageningen, dêr't it ynnovaasjesintrum fan it suvelkonsern stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)