Alle kultuer ûnder ien dak yn 'Klameare" yn Warkum

22 jun 2016 - 20:39
  • Bibleteek, teaterseal en gemeenteloket ûnder ien dak

Alle kultuer fan Warkum sit sûnt woansdei ûnder ien dak yn kultuerhûs 'Klameare'. Hjiryn is plak foar it kultureel sintrum, de bibleteek en it gemeenteloket. It kulterhûs sit yn it eardere gemeentehûs fan Nijefurd, dat sûnt de weryndieling net mear brûkt waard.

De bibleteek sit yn it monumintale part fan it gebou, de teaterseal sit yn it nije part, beide romten wurde ferbûn troch de lêsseal. "Een plek voor ontmoeting en inspiratie, waar iedereen welkom is", neffens Tini Kleiker fan de bibleteek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)