SC Hearrenfean wol witte oft it stadion smookfrij wurde moat

22 jun 2016 - 17:49
  • Wol of net smoke yn it stadion?

SC Hearrenfean ûndersiket oft besikers lêst hawwe fan minsken dy't smoke yn it Abe Lenstra Stadion. Mei in enkête hopet de fuotbalklup der achter te kommen oft it smoken yn it stadion ynfloed hat op hoe't supporters de wedstriid belibje. Minsken kinne oant en mei nije wike tiisdei de fragen fia de webside fan de klup beäntwurdzje.

SC Hearrenfean is net de iennichste klup dy't hjir omtinken foar hat. FC Grins hat fan takom seizoen ôf in smookfrije tribune yn it stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)